Tantalus
€ 4,50
Beschrijving
Fayda is in tige selsstannige frou, dyt wit hoet se mannen, om te begjinnen har heit Safout en har omke Sabaan, betsjoene en bespylje kin. Se is moai, yntelligint, boartlik, sensueel en benammen mysterieus. Safout stiet oan it haad fan in misdiedorganisaasje, it saneamde Alexandrië Kartel, dat operearret fan Caïro en Alexandrië út. Nei de dea fan syn soan en syn frou is er noch fierder ferhurde as dat er al wie en lit er de opfieding fan syn dochter oer oan syn broer Sabaan. Sabaan bestjoert de ôfdieling fan it Kartel yn Alexandrië. Hy hat in sterk karakter, mar in swak foar syn omkesizzer. Fayda folget in oplieding yn Frankryk en as se weromkomt, lûkt se by har omke Sabaan yn op in grut jacht. Omke en omkesizzer ha in ynlike bân, wêrbyt Fayda him ta it uterste driuwt.
De plysje besiket om bewizen fan smokkelhannel te sammeljen om de lieders fan it Kartel te ûntmaskerjen. Dat soarget foar ferrassende ûntjouwingen wêrbyt it libben fan in tal kaaifigueren op it spul komt te stean.
Skriuwster Manuela Köster toant mei dizze flot skreaune, ferrassende en spannende debútroman, dat se in betûft ferteller is, dyt út in grutte ferbyldingswrâld putte kin.
Tantaluskwelling: in kwelling feroarsake troch in langstme nei eat dat tichtby en dochs ûnberikber is.