De Nije Sineeske Muorre
€ 4,00
Beschrijving
Der klinke twa droege plopkes dy’t it netoefene ear halde soe foar skotten mei in Smith & Wesson punt-39. Mar it is gjin antyk cowboy-sjitizer, it is in poermodern ferdovingsgewear. It risseltaat is lykwols itselde: Nier en Dynte sige efteroer, de knibbels knikke troch en se kwakke del. Se lizze der like fleurich by as Ceausescu en de frou.
Dynte planteit en Nier Hinnebruijer wurde ûbtfierd troch in Israëliaanske geheime tsjinst, noch geheimer as de Mossad. Se wurede harsenspield en ynset yn de striid tsjin de Palestinianen. Dy striid fiere se mei alle macht, oant stikje by bytsje har olde persoanlikheden wer boppe komme. Dan binne se net langer brûkber foar de geheime tsjinst en stile eliminearre wurde.